It hûs

Yn it ûntwerp fan arsjitekt Ronald In ’t Hout wurdt it tradisjonele Ardèchoise arsjitektuer kombinearre mei moderne iepen en romtelike eleminten. Dit boartsjen tusken iepen en sluten is troch it hiele hûs trochfierd. De romme hege wenkeamer hat grutte iepenslaande doarren nei trije terrassen, wêrtroch binnen en bûten yn elkoar oerrinne. Fanút elk plak yn de wenning fynst ferrassende trochkykjes, wat it romtlik effekt fersterket. De lizzing fan de wenning is sa, datsto altyd nei kar yn de sinne as it skaad sitte kinst op ien fan de terrassen.

It hûs is enerzjy-sunich bout fan ekologysk materiaal, mei bysûndere isolearjende en azemjende eigenskippen. Dertroch bliuwt it klimaat yn ‘e hûs oangenaam en fochtfrij. Simmers is de wenning hearlik koel, yn de winter komfortabel waarm. It liedingwetter is 100% saadswetter út de gemeentlike boarne fan Désaignes.

De grutte terrastún is yn 2010 oanlein troch Nico Kloppenborg út Mantgum. De tún moat úteinlik lykas it hûs in fariaasje jaan tusken iepen en besluten plakken. De planten en de beammen binne bestân tsjin it waarme klimaat. It gersfjild neist it hûs kin brûkt wurde as boartersplak foar bern.