Oer ús en foto’s fan de bou

It streamgebiet en de omjouwing fan de rivier Le Doux yn de Noard-Ardèche spruts myn frou (Olga ten Hove, 1958 ~ † 2014) en my sa oan, dat wy lang socht ha nei in âld hûs om te restaurearjen. Dit wie noch net sa ienfâldich. Doe’t wy yn 2007 in perseel bougrûn fûnen oan de râne fan it doarp Désaignes, ha wy it beslút naam sels in hûs te bouwen. Wy ha it hûs de namme Le Noyer (de nutebeam) jûn, ferneamd nei it nutehôf neist it hûs.

De Nederlânske arsjitekt Ronald In ’t Hout, dy’t yn de Ardèche wennet en wurket, hat it ûntwerp makke. Under syn begelieding is in hûs bout dat úteinlik moaier wurden is dan wy dreamt hawwe. It hûs hat de tradisjonele Ardèchoise arsjitektuer yn kombinaasje mei moderne iepen en romtlike eleminten. Dit spul tusken iepen en sluten is yn it hiele hûs trochfiert. It hûs is mei lokale ûndernimmers bout. De bou is sûnder problemen ferrûn, der is wurke yn in noflike sfear. Nico Kloppenborg, túnûntwerper út Mantgum, hat ús tige holpen mei it ûntwikkeljen fan de terrastún, rûnom it hûs. De iepening fan Le Noyer hat plakfûn yn de simmer fan 2010.
By it ûntwerp is rekken hâlden mei aspekten fan duorsumens. It hûs is bout fan ekologysk produsearre materiaal (saneamde Ytong cellenbeton) en is tige isolearre. It hûs en de ruten fan de wenkeamer binne sa oanlein dat de sinne yn de simmer sa min mooglik en winterdeis sa folle as mooglik yn de wenkeamer skynt. In de simmer is it hûs noflik koel en yn de winter noflik waarm. It hûs wurd stookt mei in “Janus” houtkachel en elektrische radiatoren (yn de wenkeamer, keuken en badkeamers).

It reinwetter fan it dak wurdt opfongen yn in ûndergrûns reservoir. Troch in ûndergrûns yrrigaasje systeem krije de beammen yn de tún automatysk wetter.

Hedzer Klarenbeek.

Tillefoan: 0031 6 – 30506227 / 0031 58 – 2165764.

Email: le.noyer.ardeche@gmail.com