Sport

Kuierje: fanút Désaignes kinne jo kieze út ferskate markearre kuierrûtes. Yn ús hûs leit in Nederlânsktalich boekje mei kuierrûtes yn de omjouwing. Der binne moaie paden om te Nordic walken. De omjouwing is tige fariearre: boskrike gorges (Désaignes), heechflakten (St-Agrève en Nozières) en it heech-alpine lânskip rûnom de bergen Mont Mézenc en Gerbier de Jonc.

Elk jier fynt ein april fanút Désaignes Le Trail plak. It is in grut rinevenemint mei mear as 1.200 dielnimmers. Sjoch op www.trailardechois.com

Fytse: It gebiet rûn Désaignes is tige favoryt by fytsleafhawwers. By it Office du Tourisme in Désaignes en Lamastre binne fytsrûtes beskikber. Yn it doarp binne mountainbikes te hier (per oere € 3; heale dei € 9; hiele dei € 14).

Elk jier fynt yn juni it jierlikse fjouwerdaagse fytsevenemint plak, de L’Ardéchoise. Dêr dogge goed 15.000 hurdfytsers út binnen- en bûtenlân oan mei. Elk doarp lâns de rûte is fersierd en makket der in feest fan. Sjoch blog.ardechoise.com

Hynsteride: Tusken Désaignes en Lamastre leit maneezje Le Vergier. Ûnder begelieding kinst tochten op it hynder meitsje yn de omjouwing. Sjoch op www.levergier.com

In Malfay by Saint Prix kinst rydlessen krije fan Carmen Rozendaal. Sy jout hynderrydles fanút it saneamde ’natural horsemanship’. Sjoch op www.paardkananders.com

Yn St-Agrève fynt yn augustus it jierlikse festival EquiBlues plak. It is in drokbesocht rodeofestival mei countrymuzyk. Sjoch op www.equiblues.com

Sile en surfe: By St-Agrève, op in heal oere riden ôfstân, leit it Lac de Devesset, wêrst in sylboat en surfmateriaal hiere kinst. Kinst ek les krije by in syl- en surfskoalle. Sjoch op www.lac-de-devesset.fr

Golfen: By Le Chambon sur Lignon leit ien fan de moaiste golfbanen met fiergesichten op it Massif Central. Sjoch op www.golf-chambon.com

Klimpark: Yn it iikhoarntsjebosk La Riaille Noire by Le Chambon sur Lignon leit in klimpark mei parkoersen op ferskate nivo’s, fan ienfâldich oant pittich. Sjoch op parc-ecureuil.pagesperso-orange.fr

Skye: by genôch snie op de Mont Mézenc (1745 m), 45 km fanôf Désaignes.