Kultuer

Yn de simmer binne der yn Désaignes en omjouwing regelmjittich kulturele aktiviteiten. Der is in fariearre oanbod oan konserten, eksposysjes en festivals.

It besjen wurdich
• Der binne yn Désaignes en Lamastre ferskate buorkerijen wêr’t lokale spesjaliteiten produsearre wurde en wêr’t rûnliedingen jûn wurde. Ek binne der tal fan keunstners en ambachtslju, dy ’t harren ateliers iepenstelle foar besikers. Sjoch op Désaignes en Lamastre
• Yn de omjouwing fan Nozières is in buorkerij wêr’t spesjale tsiis en fruchtelikeur makke wurdt
• Derneist binne yn de omjouwing ferskate kastielen te besjen

Merken yn de omjouwing
Moandei               St-Agrève
Tiisdei                   Lamastre
Woansdei             Le Cheylard
Tongersdei           Vernoux
Sneon                   Lamastre (boeremerk) en Valence (grutte grientemerk)