Wolkom

Le Noyer (´de nutebeam’) is boud yn 2010 en stiet oan de râne fan it Midsieuske doarp Désaignes. Dizze royale wente is te hier foar maksimaal 8 persoanen. It hûs mei grutte terrastún (rom 3500m²) is tige gaadlik foar bygelyks twa húshâldings mei bern, meardere steltsjes, pakes en beppes mei bern en pake- en beppesizzers. It hûs hat fjouwer sliepkeamers en twa badkeamers mei ferwaarming. De wente leit yn in beskerme natuergebiet. Yn de omkriten binne fantastyske mooglikheden om te kuierjen, te swimmen en te fytsen.

Le Noyer hat in offisjeel keurmerk fan fjouwer stjerren (clé’s) fan de Frânske toeristyske organisaasje Clévacances.

It hûs hat internet en tv/dvd.

It hûs is per wike te hier, fan sneon oant sneon.

Rûnom it hûs leit in noflik terras mei in ferrydbere tafel foar 8 minsken en in iepen hurd. De hurd op it terras is ek as barbecue te brûken. De feranda oan de sinnige kant sjocht út op in karakteristyk nutehôf. Om de wenning hinne hast in skitterjend útsicht oer Désaignes en de bergen fan it Parc Naturel Régional des Monts d’Ardèche.

Fia in houten trap kinst ienfâldich fanút de grutte tún nei de beek Le Sialle. Yn die beek sit, gelyk njonken it hûs, in wetterfal en in smout plak om te pûdeljen. Bern kinne yn de beek hearlik boartsje.

It hûs is tige goed isolearre. Simmers is it lekker koel. By’t winterdei is it goed te ferwaarmjen mei in houtkachel en elektrische ferwaarming. Dertroch kin it hûs yn alle seizoenen hierd wurde.

De eigner:

Hedzer Klarenbeek; tillefoan 0031 6 – 30506227 / 0031 58 – 2165764.

E-mail: le.noyer.ardeche@gmail.com

One thought on “Wolkom

  1. Pingback: Frysk Frânsk hûs - It Nijs