Omjouwing

It pittoreske midsieuske doarp Désaignes leit op in hichte fan 520 meter. Désaignes is in village de caractère’ en hat dermei in beskerme status. Yn it hert fan it doarp leit in kastiel, ynrjochte as streekmuseum, dat simmers te besjen is. Yn it doarp is in bakker, slachter, lytse supermerk, postkantoar, gemeentehûs mei VVV, hotels, restaurant, kafee, bar/tabak en in garaazje mei benzinestasjon.

Lâns Désaignes streamt de rivier de Doux. Yn de simmer wurdt dizze rivier op in oantal plakken yndamme, wêrtroch in plan d’eau ûntstiet: in natuerlike swimplak. It plan d’eau fan Désaignes leit op 800m fan ús hûs. Der binne picknickplakken mei fasiliteiten foar bern en it is omseame troch skaadrike beamen. Yn july en augustus is der middeis in badmaster dy ’t tafersjoch hâldt.

Op 6 km fan Désaignes leit Lamastre, wat as sintrumdoarp fungearret. Yn Lamastre is twa kear yn ‘e wike merk. It hat ferskate foarsjennings sa as û.o. in grutte supermerk, ferskillende soarten winkels, hotels, restaurants, pizzeria’s en sportfasiliteiten. Derneist as medyske foarsjennings: húsdokters, feedokters en apteken. By camping Le Retourtour is yn de Doux ek in ‘plan d’eau’ mei in picknickplek.